Lêste 'Walk the Line' yn Lawei

21 apr 2013 - 15:57
  • Beharkje ús sfearreportaazje

Foar in stiif útferkochte grutte seal fan De Lawei yn Drachten hat it toanielselskip fan Broeksterwâld sneon de lêste foarstelling jûn fan it toanielstik I walk the Line, it libbensferhaal fan sjonger Johnny Cash. It stik is in bewurking fan de film oer Johnny Cash mei deselde titel.

De haadrollen fan Johnny Cash en June Carter wurde spile troch Ivo Poelsma en Tiffany van der Wal. De produksje wie fan begjin ôf oan in sukses. Alle njoggen foarstellings wienen útferkocht. De earste acht fûnen plak yn Broeksterwâld.

(advertinsje)