Skakers Philidor net kampioen

Skake
De skakers fan Philidor 1847 binne der sneon krekt net yn slagge it kampioenskip te pakken yn de earste klasse A. Yn in rjochtstreeks duel tsjin de nûmer ien ESG út Enschede ferlearen de Ljouwerter skakers mei 5,5 om 4,5. Twa skakers fan Philidor wisten harren partij te winnen.
Utsein de titel gripe de Ljouwerters no ek njonken de promoasje nei de masterklasse, it heechste nivo yn Nederlân.