Plasterk yn Ljouwert foar BFTK

21 apr 2013 - 15:20

Minister Plasterk fan ynlânske saken sil moandei yn Ljouwert de nije bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer ûndertekenje. Foar Fryslân sil deputearre De Vries dat dwaan. Yn de bestjoersôfspraak regelje ryk en provinsje ûnder oare de ferantwurdlikheid foar Fryske organisaasjes as de Fryske Akademy, de universitêre stúdzje Frysk, Tryater en Omrop Fryslân.

Sûnt 2011 wie der gjin jildige bestjoersôfspraak mear. Dêrtroch drigen ûnder oare Tryater en de stúdzje Frysk yn Grins yn problemen te kommen. De foarige BFTK waard yn 2001 ûndertekene.

Foarsitter Annigje Toering fan it steatekomitee Frysk is bliid dat it lang om let safier is dat der in nije bestjoersôfspraak leit. It steatekomitee hat de ôfrûne jierren drok oan it lobbyen west om te befoarderjen dat der wer in nije bestjoersôfspraak komme soe. Foarsitter Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging fynt it belangryk dat de makke ôfspraken no ek neikommen wurde, want dat gie yn it ferline net altiten goed. Hy fynt dat provinsjale steaten en ek Fryske keamerleden dat goed yn 'e gaten hâlde moatte.

Benedictus is fierder fan betinken dat it Ryk him mear bewust wurde moat fan de ferantwurdlikheid foar de twadde rykstaal. Hy docht dêrom de suggestje om de namme fan it ministearje fan ynlânske saken te feroarjen yn 'Ministerie van Binnenlandse zaken, Koninkrijksrelaties en Friese zaken (BZKF), sadat it Frysk net mear 'fergetten' wurde kin.

De tekst fan de nije bestjoersôfspraak is noch net iepenbier makke. Dat wurdt pas moandei dien by de ûndertekening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)