Follybalsters opnij ûnderút

21 apr 2013 - 14:49

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneontejûn mei 3-1 ferlern fan Sliedrecht Sport. Yn sporthal De Stoep yn Sliedrecht gong de earste set mei 23-25 nipt nei de Snitser froulju. Ek yn de twadde set waard der troch beide ploegen fanatyk striden. Uteinlik luts de thúsploech oan it langste ein (27-25).

Dêrnei wie it ferset by de froulju fan Petra Groenland brutsen en spile de kampioen yn de Dela earedivyzje de wedstriid ienfâldich út mei 25-14 en 25-15.

De follybalfroulju fan Snits steane mei 45 punten út 27 wedstriden op it fjirde plak. Lânskampioen Sliedrecht Sport giet royaal oan de lieding mei 71 punten ek út 27 wedstriden. Takom wykein wurdt de kompetysje ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)