Snitser skelt plysje út
De plysje hat sneontenacht in Snitser (35) oppakt fanwege mislediging en bedriging. De man wie aardich oer syn teewetter en rûn op de Oude Koemarkt tsjin de plysje-auto oan. Doe't de plysje der wat fan sei, begûn de man de plysjes út te skellen.
De man is oanslutend oanhâlden en ynsletten foar 'mislediging en bedriging'.