Rûzjesiker hat drugs by him

21 apr 2013 - 12:37

In 20-jierrige man út Ljouwert is sneontenacht troch de plysje fan strjitte helle om't er rûzje socht mei oare minsken op strjitte. Dat barde op it Ruterskertier yn de Ljouwerter binnenstêd. De man hie neffens de plysje frijwat alkohol op.

Op it buro fûn de plysje in plestik pûde mei in tal lytsere pûdsjes. Mooglik giet it om heroïne en kokaïne, mar dit wurdt noch ûndersocht. De man sit yntusken fêst op it buro.

Trefwurden: 
drugs rûzje heroïne kokaïne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)