Feanster rydt frou oan

21 apr 2013 - 12:25

In 33-jierrige automobilist fan It Hearrenfean is sneontenacht yn syn wenplak oanhâlden omdat er yn Grins in fytser oanriden hie. Yn de Brugstraat yn Grins ried er in 23-jierrige frou út Veendam oan. Hy frege oft alles goed wie, mar ried dêrnei wol troch.

De frou wie ferwûne rekke oan har skonk en waard oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. Mei help fan in sinjalemint is de man letter op It Hearrenfean oanhâlden. Dêr die bliken dat de man tefolle drank op hie. Syn rydbewiis en auto binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)