Frou dielt klap út mei glês

21 apr 2013 - 12:19

Yn Drachten is sneontenacht in 23-jierrige frou út dat plak oanhâlden om't se in oare frou mei in glês yn it gesicht sloech. It slachtoffer wie in frou fan 19 út De Rottefalle. Dy rekke troch it glês ferwûne oan har gesicht.

De twa froulju soene rûzje krigen ha om't de ien by de oar op 'e tiennen stie. Dat barde yn in hoarekagelegenheid oan de Súdkade yn Drachten. Dêr ûntstie ek de fjochtpartij tusken de froulju.

Trefwurden: 
mishanneling frou slaan glês
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)