Greidefûgel-app komt deroan

21 apr 2013 - 10:25

Yn Itens wurdt moandei de nije app foar neisoargers demonstreard. In app is in applikaasje foar de mobile tillefoan. Mei de app kin in neisoarger greidefûgelnêsten markearje yn syn tillefoan. Dat wurket fia GPS. In boer kin ferfolgens op syn tillefoan sjen wêr't ûngefear in nêst leit. De registraasje is op trije meter presiis.

No moatte neisoargers noch stokken yn 'e grûn sette om de nêsten te markearen, sadat boeren de nêsten net stikken ride. De app is in inisjatyf fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten.

It bûn tinkt de nêsten mei it nije systeem better beskermje te kinnen. Illegale aaistreupers kinne de nêsten no frij ienfâldich leechrôvje, trochdat de stokjes maklik te finen binne. Mei in app is dat dreger, tinkt it bûn. It nije systeem wurdt mooglik ek ynfierd yn oare provinsjes.

Trefwurden: 
app greidefûgel BFVW
(advertinsje)