Sânde winst foar Feanfroulju

20 apr 2013 - 14:27

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean pakten freed de sânde oerwinning op rige. Op eigen fjild waard mei 3-1 wûn fan PEC Zwolle. Topscorer Vivianne Miedema tekene foar de iepeningstreffer, wêrnei't PEC foar rêst de lykmakker op it boerd sette.

Nei rêst wie it opnij Miedema dy't it fizier op skerp hie en de Feanfroulju wer op foarsprong sette. In treffer fan Yvonne Ploeg soarge úteinlik foar de fertsjinne einútslach.

De Feanfroulju fan trainster Jessica Torny steane mei 21 punten út 9 wedstriden op in twadde plak yn de BeNe League B. Telstar giet oan de lieding mei itselde tal punten út in wedstriid minder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)