Nepwapens yn beslach nommen

20 apr 2013 - 14:20

De plysje hat freed by in hússiking yn de Ljouwerter Telemanstrjitte in grutte samling nepwapens yn beslach nommen. De plysje gie op besite by in Ljouwerter (34), omdat er fertocht wurdt fan it ferkeapjen fan stellen fytsen. Yn it hûs fan de man oan de Telemannstrjitte trof de plysje in grutte samling nepwapens oan.

It besit fan sokke wapens is ferbean, omdat je der minsken mei bedriigje kinne. De plysje hat de wapens dêrom meinommen. It ûndersyk nei de hannel yn stellen fytsen rint noch.

Trefwurden: 
plysje nepwapens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)