Protestoptocht fan oldtimers

Mear as 100 oldtimer-eigeners ride sneon fan De Lieke nei Ljouwert en Assen. Se protestearje tsjin it regear. Dat wol frijstelling fan wegebelesting foar auto's âlder as 25 jier ôfskaffe. Eigeners fan oldtimers binne it dêr net mei iens.
Anne van Schepen fan 'e Citroën Club Fryslân hat in Citroën CX fan 34 jier âld. As de frijstelling ôfskaft wurdt kostet him dat 800 euro ekstra yn 't jier. Neffens him wurdt op dizze manier in stik autohistoarje de nekke omdraaid.
De aksje einiget sneontemiddei op it Aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert.