Skeel by WoonFriesland

De ried fan kommissarissen fan wenningstichting WoonFriesland fynt it goed dat de hierdersferiening help fan minister Blok fan wenjen ynropt. De partijen ha spul oer de ynfolling fan de kommissarisposten fan de hierdersferiening. De bewennersried hat rjocht op twa kommissarissen, mar dy plakken wurde net ynfold.
Dat komt omdat de sittende ried fan kommissarissen de kandidaten net geskikt fynt. De hierdersferiening hat no minister Bolk skriftlik frege om te helpen. De feriening hat gjin betrouwen yn de ried fan kommissarissen.
Dat ferklearre direkteur Klaas van der Veen fan Hierdersferiening De Bewonersraad Friesland foar Omrop Fryslân Aktueel.