Gjin asbest by brân Boalsert

20 apr 2013 - 11:38

Bewenners op de Stoombootkade yn Boalsert krigen sneontemoarn it driuwende advys fan brânwacht en plysje om de doarren en ruten ticht te hâlden. Yn in houtloads op nûmer 28 is sneontemoarn brân útbrutsen en by dy brân soe asbest frijkaam wêze.

Yn ferbân mei dat mooglike asbestrisiko, moasten omwenjenden de doarren en ruten in skoft tichthâlde. De asbestwarskôging waard tsjin tolven wer ynlutsen troch de plysje. De brân sels wie gau ûnder kontrôle. By de brân gie in âlde loads ferlern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)