Drachtster mei sin oanriden

In autorider (70) út Drachten is freedtemiddei mei opsetsin oanriden yn Grins. It ûngelok barde op de Beneluxwei. Der ried in wyt bestelbuske achter de man, dy't him graach ûnhelje woe. Doe't de Drachtster in frachtauto ynhelle hie en wer nei rjochts gie, waard hy ynhelle troch it bestelbuske. De ûnbekende bestjoerder stjoerde dêrby mei opsetsin nei rjochts en raamde de auto fan de Drachtster.
De auto rekke skansearre, mar de bestjoerder en ynsittenden kamen mei de skrik frij. It wite bestelbuske ried nei it ûngelok troch.
De plysje is no op syk nei de bestjoerder fan it bestelbuske en ek nei tsjûgen fan it ûngelok. Wa't op freed wat sjoen hat op de Beneluxwei yn Grins wurdt fersocht om kontakt op te nimmen mei de plysje.