Nota: Rêst wer werom yn Boston

20 apr 2013 - 11:12

De rêst keart in bytsje werom yn Boston no't der in twadde fertochte oanhâlden is foar de bomoanslaggen dêr. Dat seit Fries om utens Johannes Nota (33). Hy wennet al trije jier yn Boston en wurket dêr as tatoeëarder. Ofrûne moandei ûntploften twa bommen yn it sintrum fan de Amerikaanske stêd. Dit barde by de finish fan de maraton. Trije minsken kamen om it libben en hast 200 minsken rekken ferwûne.

Nota mocht nei de oanslach in pear dagen net wurkje, om't syn tatoeshop yn in gebiet sit dat ôfsletten wie. Nota komt oarspronklik fan Sint Nyk.

De tatoeshop kin no wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)