Snitser smyt kofje nei plysje

20 apr 2013 - 10:52

In Snitser hat freedtejûn yn Drachten hite kofje tsjin de holle fan in plysjeman smiten. De plysjeman (35) hat dêr ferskate brânwûnen yn syn gesicht oan oerhâlden en moast foar behanneling nei it sikehûs. It ynsidint barde yn it sellekompleks fan 'e plysje.

De Snitser (32) wie oanhâlden, omdat hy ferskate jildboetes net betelle hie. Omdat hy dy net foldwaan koe, waard de man meinommen nei it buro en ynsletten. De man wie sa lulk, dat hy hite kofje nei de plysje smiet. Tsjin de man sil proses-ferbaal opmakke wurde foar mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)