Autodief oanhâlden

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat freedtenacht in man (29) fan It Hearrenfean oanhâlden fanwege it stellen fan in auto. De plysjes troffen de man oan yn in stellen auto op de Omwei. De man waard sadwaande oanhâlden en ynsletten foar neier ûndersyk.
De auto wie twa dagen lyn stellen yn Ljouwert. De auto giet wer werom nei de eigener. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de gong fan saken.