Jasper S. net yn heger berop

Marianne Vaatstra
Jasper S. giet net yn berop tsjin de 18 jier selstraf dy't hy freed oplein krigen hat foar de moard op Marianne Vaatstra. Dat hat syn advokaat Jan Vlug bekend makke.
Neffens Vlug fûn S. de straf net 'hielendal ûnferwachte'. Jasper S. wie freed net by de útspraak oanwêzich. Dat soe te meitsjen ha mei persoanlike omstannichheden, mar syn advokaat woe dêr fierder neat oer kwyt. De famylje fan Marianne Vaatstra hopet no de saak ôfslute te kinnen.