VVD wol nije Stasjonsbrêge

19 apr 2013 - 20:58

Der moat op koarte termyn in nije Stasjonsbrêge komme yn Frjentsjer. Dat fynt de VVD yn de gemeenterie fan Frjentsjerteradiel. Deputearre Sietske Poepjes hat de stêd dizze wike witte litten dat de Stasjonsbrêge meikoarten in skoft ticht moat fanwege wurksumheden. Boppedat sil de brêge tenei net mear brûkt wurde kinne troch frachtferkear. De VVD is no benaud dat bedriuwen yn de stêd skea hawwe sille fan de ôfsluting fan de brêge. In nije brêge soe ek geskikt wêze moatte foar gruttere skippen, sa fynt de partij.

Trefwurden: 
Frjentsjer VVD Stasjonsbrêge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)