Nije trainer foar Derek

Arend de Wrede út Oerterp wurdt de nije trainer fan draver Derek Buitenzorg. Arend is in ferneamd pikeur en trainer. Fan 1969 oant en mei 2010 hie hy syn eigen entrainemint. Hy helle as trainer mar leafst 2253 oerwinnings en as pikeur sa'n 1800.
De Wrede nimt de training oer fan Sjoukje Wagenaar, dy't Derek sûnt oktober 2011 yn hannen hie. Sjoukje hâlde der twa wike ferlyn mei op, neidat Derek twa kear sûnder resultaat besocht hie him te kwalifisearjen as offisjeel draafhynder. Sûnt dy tiid hat de sportredaksje socht om in nije trainer.
De sportredaksje rêde Derek yn 2010 fan de slacht. De oerdracht fan it hynder is dit wykein.