NUON-jild nei agraryske sektor

19 apr 2013 - 16:33
  • Kees de Koning

It jild fan de NUON-oandielen moat nei de agraryske sektor. Dat sei De Koning, direkteur en manager fan de Dairy Campus yn Goutum. Dat is in ûnderdiel fan de lânbou-universiteit Wageningen dy't by de proefbuorkerij Nij Bosma Zathe yn sit.

De Dairy Campus is in kennis- en ynnovaasjesintrum. Fersterking fan dy kennis en ynnovaasje sjocht De Koning as in goede bestimming foar in part fan de NUON-miljoenen.

De Koning is berne op in buorkerij en hy wurket al 30 jier yn de sektor. Neffens him bliuwt de agraryske sektor in sterke en wichtige sektor foar Fryslân. Fersterking fan it kennis en fernijingsnivo is dêr goed foar. De provinsje wol graach dat it Nuon-jild ek banen opsmyt, en de agraryske sektor smyt banen op. Ynkomsten binne der ek genôch, seit De Koning. Net allinnich út de eksport, ynnovaasje lûkt ek bedriuwen oan en dat betsjut ynvestearrings en jild.

Trefwurden: 
Nuon-jild Kees de Koning
(advertinsje)