Fyftich bekeurings by kontrôle
By in ferkeerskontrôle tongersdeitemoarn en -middei by Aldeholtwâlde hat de plysje goed fyftich bekeurings útdield. Acht bestjoerders krigen in bekeuring foar glêde bannen. Dêrneist hiene in tal minsken stikkene rjochtingoanwizers en skuorren yn it foarrút. In pear weinen mochten net fierder ride, om't der tefolle mankeminten wienen.