Ien webside iepenloftspullen

De iepenloftspullen yn Fryslân presintearje harren tenei mei in mienskiplike webside. Dy ferfangt de folder dy't se oan no ta útjoegen. Op iepenloftspullen.nl komt in oersjoch fan alle stikken dy't yn Fryslân yn 'e iepenloft brocht wurde. De side jout de mooglikheid om troch te klikken nei de webside fan it bewuste iepenloftspul.
De side wurdt begjin maaie offisjeel yn gebrûk naam. Hy kin fan dan ôf ek besjoen wurde.