Opnij ûntslaggen by Tinga

By Tinga Doarren en Ruten yn Winsum krije wer minsken dien. Foar tsien meiwurkers is gjin plak mear. Earder dit jier is ek al ôfskie naam fan santjin meiwurkers by it bedriuw yn Winsum en it susterbedriuw yn Geldermalsen. De ûntslaggen fan no falle yn ferskate funksjes.
Tinga hat derfoar keazen om net in spesifike produktgroep te skrassen, mar op alle ôfdielings wat yn te krimpen. It bedriuw kiest dêrfoar om sa oan sa folle mooglik ferskate sektoren leverje te kinnen.