Personiel Smel'lân ynljochte

Gemeente Smellingerlân
Personiel fan de gemeente Smellingerlân is freed yn twa gearkomsten bypraat oer it kommend ekstern ûndersyk nei de wurksfear op it gemeentehûs. Boargemaster Van Bekkum kundige dat ûndersyk tongersdei oan. Boargemaster en wethâlders wolle witte oft der yndie problemen binne op de wurkflier, sa't in groep amtners nei bûten ta brocht hat.
De groep seit dat der al jierren sprake is fan yntimidaasje en pesterij yn it gemeentehûs. It is noch net dúdlik wa't it ûndersyk dwaan sil, mar it moat yn alle gefallen foar de simmer klear wêze.