Damwâldster pakt foar drugs

19 apr 2013 - 14:11

De plysje hat in 17-jierrige ynwenner fan Damwâld oanhâlden yn it drugsûndersyk yn Noardeast-Fryslân. It ûndersyk rjochtet him op drugsbesit, it brûken fan drugs en de hannel dêryn. De Damwâldster is troch de plysje yn syn wenning oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it ferkeapjen fan ûnder oare XTC yn Damwâld. De fertochte sit fêst.

Trefwurden: 
drugs Damwâld
(advertinsje)