Toer Hegebeintum fersakke

19 apr 2013 - 14:07

It kin tonnen ekstra kostje as bliken docht dat de tsjerketoer fan Hegebeintum fierder fersakket. Freed wurde foar it earst yn fjouwer jier wer mjittings dien. Nei it wykein wurde dy nije sifers bekend.

Tusken 1989 en 2009 sakke de toer al 7 sintimeter nei it súdwesten. De tsjerketoer komt eventueel op peallen te stean, as er slim fersakket. De stichting Alde Fryske tsjerken hat dêr neffens direkteur Gerhard Bakker gjin sinten foar. Sy sille dan oanklopje by de provinsje en by it ryk.

Trefwurden: 
toer Hegebeintum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)