Bauke hopet op 20 jier

Bauke Vaatstra kaam om sawat healwei tsienen oan by de rjochtbank foar de útspraak yn de saak-Vaatstra. Hy fynt it spannend. "Ik hoopje dat it 20 jier bliuwt", sa sei heit Vaatstra doe't er ûnder grutte belangstelling fan de parse by de rjochtbank oankaam. Bauke kaam oan mei dochter Wilma en har man. Se giene wer troch achteryngong lykas earder by de sitting.
De rjochtbank easke earder 20 jier foar de moard op Marianne Vaatstra. Jasper S. is om persoanlike redenen net by de útspraak oanwêzich.
S. sei trije wike ferlyn op de sitting noch dat er der wol by wêze soe. De útspraak fan it fûnis wurdt dien troch rjochter Bert Dölle. It fûnis bestiet út goed 20 siden. In kertier nei de útspraak is it fûnis nei te lêzen op www.rechtspraak.nl