Foarsitter Dam fuort by NBK

19 apr 2013 - 07:37

Durk Dam stoppet as foarsitter fan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen. Dam hat 28 jier belutsen west by de organisaasje fan it muzykevenemint. Hy hat oanjûn dat er it tiid fynt om it stokje oer te dragen oan in nije generaasje.

Dam is ek foarsitter fan de Organisatie Muziekverenigingen Fryslân, it Fryske Muzykbûn. Yn dy funksje bliuwt hy wol oan.

Trefwurden: 
NBK Durk Dam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)