Boarnsterhim posityf yn 2012

18 apr 2013 - 21:40

De gemeente Boarnsterhim hat it jier 2012 ôfsletten mei in posityf resultaat fan goed 3,7 miljoen euro. Troch foarsichtich om te gean mei de útfiering fan de begrutting hat de gemeente jild besparje kind.

It positive resultaat helpt de gemeente om it tekoart yn de algemiene reserve wat lytser te meitsjen. Boarnsterhim hat noch hieltyd net in soad fet op de bonken as it om de sinten giet.De gemeente hopet mei it ekstra jild it kommende jier yn alle gefallen de brêge by it gemeentehûs oan te pakken. Dy leit der al skoften fertutearze by.

Trefwurden: 
Boarnsterhim resultaat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)