Behearder beneamd MFS H'garyp

It bestjoer fan it multyfunksjoneel sintrum Hurdegaryp hat in behearder beneamd foar it nije sintrum dat yn septimber iepen gean moat. It giet om de hear 49-jierrige Geert Onno de Bruin út Hurdegaryp. De Bruin hat in soad frijwilligerswurk dien foar ûnder oare buerthûs De Wissel en fuotbalferieniging VV Hurdegaryp.
Besikers fan doarpshûs De Schalmei yn Hurdegaryp wiene lulk op it bestjoer fan it nije multyfunksjoneel sintrum. Se woene dat de behearster fan it doarpshûs mei oergiet nei it nije sintrum.
Der hat lykwols in sollisitaasjeproseduere west en dêryn is de frou ôfwiisd.