Plan foar rêding reekealtsjes

De Bistebeskerming ôfdieling Fryslân ropt boeren en leanbedriuwen op om dizze maitiid ekstra alert te wêzen op reekealtsjes dy't harren skûl hâlde yn it hege gers. By it meanen wurde alle jierren wer bisten it slachtoffer fan de meanmasine. De Bistebeskerming is op syk nei frijwilligers dy't de greide yn wolle om de reekealtsjes te rêden.
Der sil ek belle wurde mei leanbedriuwen en boeren om se der op te wizen dat se mooglik reekealtsjes yn de greide tsjinkomme kinne. Der wurdt no yn kaart brocht wêr't de reeën krekt binne yn de provinsje.
Ein maaie sille de frijwilligers oan de slach.