Surver yn problemen troch wyn

In surver is tongersdeitemiddei op de Goaiïngarypster Puollen by Goaiïngaryp yn de problemen kommen troch de hurde wyn. De surver koe net op eigen gelegenheid wer op de surfplanke komme en it seil oerein krije. Minsken oan de kant seagen de surver op in stuit net mear en warskôgen de helptsjinsten.
De ambulânseboat fan it Antoniussikehûs yn Snits hat de surver oppikt en nei de kant brocht. De surver hat fierders nea oan it foarfal oerhâlden.