Wetsus hat oant 2030 stipe

18 apr 2013 - 16:32

Wittenskiplik ynstitút Wetsus yn Ljouwert kin yn alle gefallen oant 2030 ta rekkenje op stipe fan de gemeente Ljouwert en de Provinsje. Dat is tongersdei fêstlein yn de yntinsjeferklearring 'Ondersteuning Wetsus en ontwikkeling WaterCampus 2020-2030'. Oant 2021 krijt it ynstitút 15 miljoen euro yn it jier, mar oer de perioade dêrnei wie noch neat ôfsprutsen en dat is no wol regele en fêstlein in yn ferklearring.

It gie tongersdeitemiddei by de ûndertekening yn Post Plaza yn Ljouwert net om jild, mar inkeld om de twa hantekens fan deputearre Konst en wethâlder Deinum fan Ljouwert. Dochs is Johannes Boonstra fan Wetsus der tige wiis mei, want dat jout Wetsus in stabile basis. Dat fine bedriuwen en universiteiten dy harren oan it ynstitút ferbine wolle, wichtich.

Trefwurden: 
Wetsus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)