Gemeentlike bougrûn goedkeaper

18 apr 2013 - 16:02

Bougrûn yn de gemeente Littenseradiel wurdt goedkeaper. De gemeente docht dat yn de hoop dat der dochs kavels ferkocht wurde. Ferline jier hat Littenseradiel gjin inkeld persiel bougrûn ferkocht. Dat jildt sawol foar partikuliere grûn as dy foar bedriuwen. Fanwege de sitewaasje wurde der foarearst ek gjin nije kavels mar útjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)