Nije eigener praktykskoalle

It lêste stik fan de eardere praktykskoalle yn Oentsjerk hat in nije eigener krigen. It giet om DSR Beheer en Ontwikkeling, in inisjatyf fan trije ûndernimmers. Sy hawwe de útfanhûsplakken, de maneezje en it hynstesintrum kocht. It feehâlderijbedriuw en de ûnderwiisromtes binne earder al ferkocht en wurde ek brûkt troch praktykskoalle PTC-plus.
Nije eigeners DRS fan it oare part wolle fan harren oankeap ûnder oare in deibestegingsplak meitsje.
De praktykskoalle is in learynstitút foar minsken dy't boer wurde wolle.