Parsekonferinsje saak Sm'lân

18 apr 2013 - 11:01

De gemeente Smellingerlân jout tongersdeitemiddei in parsekonferinsje dêr't boargemaster Van Bekkum yngean sil op de publisiteit oer de wurksfear op it gemeentehûs. Omrop Fryslân brocht fan 'e wike nei bûten dat in grutte groep amtners him net feilich fielt op it gemeentehûs yn Drachten. Se sizze dat se yntimidearre en narre wurde troch har liedingjaanden.

Dizze eangstkultuer soe al jierren bestean. Foar guon minsken hat dat derta laat dat se siik thús sitte, of dat se ûntslach oansein krigen ha.

De gemeente liet earder witte dat dy him net herkent yn wat de groep fan mear as tweintich amtners seit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)