'Frysk' is trending topic

Fryske Twitterdei © Omrop Fryslân
De term 'Frysk' is op it stuit 'trending topic' op Twitter. It is tongersdei Fryske Twitterdei, in inisjatyf fan de kampanje Praat mar Frysk, dy't minsken opropt om dekoarte berjochtsjes yn 140 lêstekens op Twitter yn it Frysk te dwaan.
As in ûnderwerp trending topic wurdt, betsjut dat dat it ien fan de meast beprate saken op Twitter is op dat stuit. Njonken 'Frysk' binne dat op dit stuit bygelyks ek 'Willem-Alexander', Maxima en 'Bertha 38'.
Tsjin healwei seizen stie it tal tweets #Frysk op sântûzen.