Kondukteur bedrige yn trein

18 apr 2013 - 10:01

Op it stasjon fan It Hearrenfean is fan 'e moarn betiid in man út Barneveld oanhâlden. De 38-jierrige man soe in kondukteur bedrige hawwe yn de trein fan Zwolle nei Ljouwert. By it stasjon fan It Hearrenfean luts er ek noch oan de needrem.

Doe't de plysje him út de trein helle, waard er lilk. Hy besocht op ien fan de plysjes te beflybjen. Mei de nedige muoite is de man oanhâlden. Yn syn klean waarden in pylk en in krúsbôge fûn, ek ek noch in tsiental joints. Dat guod is yn beslach naam. De kondukteur hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
bedriging kondukteur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)