Hilde Tjeerdema listlûker D66

Hilde Tjeerdema is ien fan de kandidaat-listlûkers
De 29-jierrige Hilde Tjeerdema fan Ljouwert wurdt de listlûker foar D66 yn Ljouwert foar de gemeenteriedsferkiezings. De leden fan de partij koene woansdeitejûn kieze tusken twa kandidaten. Njonken Tjeerdema wie dat ek Frans-Jan Smit. Hilde Tjeerdema is op dit stuit al riedslid foar D66 en sûnt septimber ferline jier fraksjefoarsitter.
D66 set foar de kommende riedsferkiezings yn op ferdûbeling fan it tal sitten yn de ried fan Ljouwert. De partij hat no twa sitten.