Plankeprojekten NUON-jild

De steaten wolle sa gau as mooglik NUON-jild frijmeitsje foar projekten dy't al op de planke lizze. Dat die woansdeitejûn bliken op de kommisjefergadering. Alle partijen steane achter de ynvestearring fan 300 miljoen fan de NUON-jilden yn de Fryske ekonomy.
Konkrete foarstellen lizze der noch net, mar wol binne der al tsientallen plannen yntsjinne by de provinsje. Ek by de ferskate politike partijen binne plannen binnen kaam.
Hokker plannen úteinliks yn oanmerking komme foar it jild wurdt bepaald troch de steaten sels. Dat kaam it kolleezje noch wol op krityk fan de opposysje te stean. Sy hiene graach sjoen dat it kolleezje al mei konkrete plannen kaam wie.