Ekstra keapsnein 5 maaie

17 apr 2013 - 21:17

De winkels yn Ljouwert meie op snein 5 maaie gewoan iepen wêze. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders besletten.

De snein is oanwiisd as ekstra algemiene keapsnein. Neffens it kolleezje is de keapsnein in goeie oanfolling op de oare aktiviteiten dy't der dy dei yn de stêd binne.

(advertinsje)