Oplieding ta ûndernimmer

Studinten dy't graach ûndernimmer wurde wolle kinne fan septimber ôf in spesjale stúdzje dêrfoar folgje. De fjouwer hegeskoallen yn Noard-Nederlân komme dan mei in programma foar ûndernimmende studinten: De Noorderlingen.
Studinten dy't ambysjes ha om ûndernimmer te wurden kinne hjir it fak yn de praktyk leare. Sa kin bygelyks in al besteand studintebedriuw útboud wurde ta in echte ûndernimming. De oplieding duorret in healjier en set yn septimber útein.