Wer riedslid Dantuma '82 fuort

17 apr 2013 - 17:47

It bliuwt dizze riedsperioade ûnrêstich yn de politike partij Dantumadiel'82 yn de gemeente Dantumadiel. Opnij moatte se op syk nei in nij riedslid, no't Grytsje de Boer-Hilarides har funksje per direkt dellein hat. Se kin it net mear kombinearje mei har wurk. It is net de earste wiziging yn de fraksje en de partij.

Nei de ferkiezings yn 2011 begûn Dantumadiel'82 as kolleezjepartij, mar neidat wethâlder Marianne Hofs siik ôfheakke en de oare kolleezjepartijen Jouke Dantuma net as opfolger hawwe woene, rekke de partij yn de opposysje.

Dêrnjonken stapte Emke Peterson út de fraksje omdat er it net iens wie mei de gong fan saken, hy gie allinne troch. Dantumadiel '82 hat no noch twa sitten. It is noch net dúdlik wa't Grytsje de Boer-Hilarides yn de riedsfraksje opfolgje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)