Schaaf wer op de aginda

17 apr 2013 - 16:58

Mei de help fan in boargerinisjatyf is de takomst fan sealesintrum Schaaf yn Ljouwert wer op de politike aginda set. In groep fan 25 minsken tsjinne it woansdei op ludike wize yn by de gemeente. De groep fynt dat it sintrum fan grut belang is foar it kulturele libben yn de binnenstêd.

De gemeente hat Schaaf in oantal jierren lyn kocht mar wit noch net wat se der mei wolle. Der binne plannen foar de bou fan apparteminten. De PvdA yn de ried fynt dat it sintrum iepen bliuwe kin as der goeie plannen komme foar de takomst.

Op 24 juny wurdt der yn de gemeenteried nei alle gedachten oer praat.

Trefwurden: 
Ljouwert polityk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)