Hans Schrijver nei Cambuur
Hans Schrijver giet by Cambuur oan de slach as technysk koördinator. Hy wurdt lid fan de technyske stêf fan de Ljouwerter fuotbalklup. Schrijver wurdt ferantwurdlik foar de jeugdoplieding, de scouting en it gearwurkingsferbân mei FC Grins.
Dizze taken binne oant no ta ferdield oer ferskate minsken by Cambuur. Jan Korte, no noch ferantwurdlik foar it scoutingsbelied, bliuwt oan as scout. Hans Schrijver is in goede bekende fan de nije Cambuur trainer Dwight Lodeweges. Sy wurken gear by FC Edmonton yn Kanada en by JEF United yn Japan.
Schrijver hat ek trainer west fan ferskate amateurklups, wêrûnder Snits Wyt Swart. Yn it betelle fuotbal hat hy as assistint-trainer wurke by FC Grins en hy hat ek bûnscoach west fan it Nederlânsk alvetal ûnder de 17 en ûnder de 20 jier.