Mingde gefoelens yn Raard

17 apr 2013 - 14:25

Doarpsbelang Boarnwert/Raard sjocht mei in dûbel gefoel werom op tiisdeitejûn. It Iepenbier Ministearje fertelde de útkomsten fan it strafrjochtlik ûndersyk nei it drama fan nijjiersnacht. De saak wurdt seponearre om't der gjin bewiis is foar opset of skuld fan de 42-jierrige automobiliste út Dokkum.

Sy ried yn op in groep doarpsbewenners dy't nei it nijjiersfjoer seagen. Foar it doarp wie de byienkomst emosjoneel, mar no''t it ûndersyk helder is kinne de ynwenners wol fierder mei it ferwurkjen.

It Iepenbier Ministearje rekonstruearre presys wat der dy bewuste nacht yn Raard bard is. 17 minsken rekken ferwûne en ien ynwenner ferstoar.

Trefwurden: 
ûngelok Raard Boarnwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)