'Provinsje rezjy oer NUON-jild

De provinsje moat mear de rezjy nimme by de diskusje oer de NUON-jilden. Dat seit steatelid Wiebo de Vries fan de ChristenUnie. It kolleezje fan deputearre steaten wol 300 miljoen euro út de opbringst fan de NUON-oandielen brûke om de Fryske ekonomy te stimulearjen. Gemeenten en oare ynstânsjes tsjinje ferskate projekten yn dy't fan dat jild betelle wurde kinne soene. Neffens Wiebo de Vries rekket it oersjoch sa fuort en wurdt it in gribus.
De ChristenUnie advisearret om it jild te ferdielen tusken gemeentlike en provinsjale projekten.
Woansdei prate provinsjale steaten yn in kommisjegearkomste oft se it NUON-jild beskikber stelle wolle en foar hokfoar projekten dat jild útjûn wurde moat.