Spoeddebat oer konflikt Sm'lân

17 apr 2013 - 12:52

De SP yn Smellingerlân hat in spoeddebat oanfrege oer it nijs dat der in sfear fan yntimidaasje en ûnfeilichheid is op it gemeentehûs. Dat wurdt op moandei 22 april om 19.00 oere hâlden. De VVD wol dat der sa gau mooglik in ûndersyk troch in ekstern buro komt. Oars bliuwt de saak ûndúdlik en dat is skealik foar de gemeente.

Tiisdei fertelden in pear meiwurkers en âld-meiwurkers oer har ûnderfinings mei de lieding op it gemeentekantoar. Se soene yntimidearre en narre wêze, mei as gefolch sykte en ûntslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)